Sân / Sand

[Home]
 
It ferhaal "Sân" komt út it temanûmer "Reade earkes" fan Farskskrift (nû. 16).
Die Geschichte "Sân" (Sand) wurde in der erotischen Themanummer von Farskskrift (nr. 16) veröffentlicht.

 

SÂN

Anke, de wyn op har hûd wie waarm doe’t se boppe wetter kaam. Swier hier, lang en wietblond, swong se op ‘e rêch. In grien swimpak. Sterke skonken, lang, spieren, stevige kûten. Anke van Dyk, in earsten swimster, steech, op harsels. Se tilde de fuotten sa heech op dat se boppe de weagen út kamen. Stapte it strân op. Waarme, droege wyn. In bewyske sân dat har op ‘e brune lea plakken bleau. In pear dwarse hierren dûnsen har om ‘e holle. Fierhinne ferlitten hoekje ierde. Op it strân wie net ien. Anke fûn har handoek, glied derop del. De goudene flage wappere sêft om har sliepen. De handoek wie krekt net te waarm, it sân deromhinne al. Se krûpte op ‘e handoek, op ‘e rêch, in grien swimpak, in brune hûd en in grien mei brune handoek. Anke skokskoudere, skokte de skouderbantsjes om ‘e boppe-earms, ûnderearms, polzen, fingers. Lange fingers, moaie fingers. De fingers skuorden de bantsjes ûnder boarsthichte. Topless sizze se. Top sizze oaren. Waarme boarsten, twa brúntinten ljochter as skouders, earms en skonken. Waarme tepels ek, trije brúntinten donkerder as skouders, earms en skonken. Wiet noch, mar net mear lang. Waarme wyn, altyd mar waarmere wyn. Waaide oer dat goudene hier. Liet de skouderbantsjes dûnsje om ‘e mul. Jage sân oer droegjende lange skonken, in búk yn grien swimpak, ljochtbrune boarsten mei donkerbrune tepels, midbrune earms. Krekt net te waarme handoek as feilige haven yn te waarm sân. Anke harke nei de slaggen fan de weagen, ien foar ien foar ien. Waarm en slûch. Dûzje. Ien foar ien sloegen de weagen stikjes út de werklikheid. De sinne streake sêft oer gouden hier, oer in mûle dy’t glimke, in brune noas dy’t ûndogens omheech stuts. Doe sliepte Anke.

As Anke net mear sliept, is dat omdat in finger fier genôch fan har rêchbonke har nekke beruorret. Fier genôch dat se der gjin pikefel fan krijt. Tichteby genôch dat se in bytsje rillet. Fan rjochter skouder nei rjochter ear. Stadich, lykas de weagen, sêft, fan skouder nei ear nei skouder nei ear. Anke glimket. Tinkt oan de nacht. Samar in nacht. Mei net samar in man. Hy streaket har it hier achter it ear. It hier is amper mear wiet. Fingers oer har sliep, de bûtenkant fan fingers. Foarsichtich, leavjend, koezjend. Waarme wyn. Fingers by har nekke lâns, tripkjend as rinnende fuotsjes. Fingerseinen, waarmer as har hûd. Droech en waarm. Dan binnenkanten fan fingers op har skouder. In hânpalm deromhinne. As in kessentsje. Draait. Draait. Draait. As de weagen, mar oan en oan. Bewûnderjende palmen. By bewûnderjende fingers. Dan streaket in oare hân wer hier achter ear. Twa hannen, tear, hannich, hyt.


Anke draait de holle nei rjochts. Sjocht mar sjocht net. Fielt de wyn. Fielt de waarme fingers. In wiisfinger om har kin, oer it lytse kûltsje, nei har ûnderlippe. Tusken har lippen, hinne en wer, ûndersykjend, hearlik nijsgjirrich. In tomme by har noas lâns. De lichte oanrekking fan neils op har wang. Waarm. Waarm en droech as de wyn. Mei de weagen hinne en wer. In palm ûnder har linker earm. Streakjend, fan skouder nei skouderbantsje, fan brún nei grien. Licht tsjin ljochtbrune boarsten. Triuwe sterk mar leaf sterk. Drukke, draaie, mar altyd leaf sterk. In donkerbrune noas rûkt alles. Sinnebrânoalje. Sân. Seewier. Stiet omheech. Donkerbrune tepels komme mei omheech. Fiele alles. Sinnebrânoalje. Sân. Seewier. Waarme, droege fingers. Draaie. Glide. Streakje. Triuwe. Triuwe. Triuwe. Anke tilt in hân op, beweecht in brune earm. Fielt in earm, mei licht hier, freonlik, leaf, krêftich. In rêch fan in hân. Har brune fingerseinen streakje ieren en knokkels, in droege tomme, waarme wiisfinger. Har noasters heine seewetterlucht, har earen it kriten fan kobben. Har eagen sjogge sinne, mar gjin fingers, palm of pols. Gjin earm, gjin hier, gjin man. Gjin man waans hân se beetkrijt, beknypt, mei wa’t se in fûst makket, tomme tsjin tomme, wriuwend. Gjin man waans hân se op har búk leit. Dy’t it griene swimpak fielt, der mei fingers as fuotsjes oerhinne tripket. Dy’t lange sterke skonken útinoar drukt. Dy’t har helendal brún makket, sûnder grien. It grien bedarret op in protsje neist de handoek yn it te waarme sân. Waarm mar krekt net te waarm is de handoek. Hyt is de man dy’t Anke net sjocht.

 

Anke knypeage tsjin de sinne. Wie wer yn in nacht mei net samar in man. Samar in nacht. Samar in nacht út jierren. Mei in man dy’t stoarn wie op see. Begroeven wie ûnder it sân. Stege Anke, op harsels. Waarme wyn koestere har hier.

 

Kostenlose Homepage von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!